Histoarje
De earste oanset ta it keatsen yn Lippenhuzen waard dien troch Jelte Bruinsma. Hy besocht in pear buertbewenners it keatsen út te lizzen.
Dit gong noch al dreech en dêrom waard der besletten, om it mar in kear op it fjild te besykjen. Fan it ien kaam it oare en sa waard der ien kear yn’e safolle tiid keatst as der wer kuilt wie en der in ‘keal’ stik lân wie
Nei ferrin fan tiid kaam der in keatsfjild by Roel Jelsma en sa koe der eltse wike keatst wurde. De kwea- en efterline binne fan stikeltried, sadat wy it fjild net útlizze hoege; allinnich in pear perken om te spyljen.
Oan’e oare kant fan de tried rinne de kij en dy brekke der ek wol ris út. Dêrtroch komme wy oan de namme “Tusken De Flatsen”.
Sûnt in jier as fiif wurdt der no eltse woansdeitejûn troch in man as 15 keatst “fan begjinner oant PC-winner” (in moaie slogan).